Súdwest-Fryslân wol trochgean mei wenoffinsyf

It wenoffinsyf moat bliuwe, ek no't it wer wat better giet op de wenningmerk. Dat wie de teneur sneon op de wenbûlevaar fan Snits dêr't it wenoffinsyf fan de gemeente Súdwest-Fryslân organisearre waard. Undernimmers en gemeenten fine it offinsyf in moaie kâns om yn gearwurking sjen te litten wat der te keap is op de wenningmerk en hokker subzydzjes der beskikber binne.
It wenoffinsyf is in oanfalsplan dat ferline jier opset waard troch de provinsje om de wenningmerk in triuw yn de rêch te jaan. It fynt dit jier foar de twadde kear plak