Jeugdsintrum Aldegea ûnderbrocht yn multyfunksjoneel sintrum

Jongerein fan 12 oant 16 jier út Aldegea-Smellingerlân koene freedtejún foar it earst sjen yn it nije jeugdsintrum. It honk is festige yn it multyfunksjoneel sintrum, dat offisjeel op 2 maaie iepen giet. Neffens Wiebe Westra fan de Stichting Jeugdsoos Aldegea is dit in grutte feroaring. It âlde jeugdhonk foldie net mear oan de easken. It nije ûnderkommen biedt bern in plak mei in soad mooglikheden, lykas: tafelfuotbaljen, poolen en kompjûtergames spylje.