Marrit Steenbergen en Josien Wijkhuijs nei EK swimmen

Marrit Steenbergen © Omrop Fryslân, Joline Dalstra
De Fryske swimsters Marrit Steenbergen út Easterwâlde en Josien Wijkhuijs út Frjentsjer dogge mei oan de Europeeske Spelen letter dit jier yn Baku yn Azerbeidzjan. Dat hat sportkoepel NOC*NSF freed bekendmakke. Yn totaal sille njoggen swimmers Nederlân fertsjintwurdigje. Wijkhuijs wie noch net wis fan dielname, omdat se de limyt op de 50 meter flinterslach op trijehûnderste sekonde mist hie. Op basis fan har prestaasjes op de 4x100 meter frije slach en 4x100 meter wikselslach is se no dochs opnaam yn de definitive seleksje.