Friesland College krijt skouderklopke fan minister

10 apr 2015 - 17:26

Minister Jet Bussemaker fan ûnderwiis neamt de praktykrûte fan it Friesland College in hiele bysûndere manier fan oplieden. Dat sei se freed yn Utrecht by in sympoasium oer de takomst fan it soarchûnderwiis.

De praktykrûte fan it Friesland College is oars as oare opliedingen, omdat studinten fan de earste dei ôf yn de praktyk meirinne en harren kennis ûntwikkelje op basis fan de ûnderfining dy't se dêr opdogge. De studinten wurde begelaat troch ferpleechkundigen fan ZuidOostZorg.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)