Gemeente Weststellingwerf hâldt 4 miljoen euro oer

10 apr 2015 - 16:23

De gemeente Weststellingwerf hat ferline jier hast fjouwer miljoen euro oerhâlden. Dat komt ûnder oare troch de ferkeap fan gemeentlik besit, mear jild fan it Ryk en trochdat der net mear minsken ferlet hiene fan in útkearing.

Weststellingwerf stekt de flagge net út fanwege it positive resultaat. Want der komme noch genôch finansjele útdagingen. De fjouwer miljoen dy't oerhâlden is giet nei de algemiene reserves, as it oan boargemaster en wethâlders leit. De ried fan Weststellingwerf hat dêr it lêste wurd oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)