Plysje warskôget foar Ingelske oplichters yn Fryslân
De plysje Fryslân warskôget foar Ingelsk pratende manlju dy't rûnom yn 'e provinsje oanbelje mei in oanbieding om it ûnkrûd yn de tún te bestriden. It giet neffens de plysje om oplichting.
Minsken moatte in soad jild betelje en it wurk wurdt net goed dien. De plysje riedt minsken dan ek oan om net op de oanbieding yn te gean, mar de plysje te beljen.