Omrop TIP: Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die, diel 1

11 apr 2015 - 08:30

Nei oanlieding fan 70 jier befrijing begjint Fryslân DOK snein mei de histoaryske dokumintêresearje ‘Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die’. Yn fiif dielen wurdt in yngeand byld sketst fan de oarlochsjierren yn Fryslân. In soad minsken drage de gefolgen fan dy tsjustere perioade noch altyd mei harren mei. Oan de tv-searje is de webside www.Fryslan4045.nl keppele, mei alderhande achtergrûnynformaasje oer de tema’s dy’t yn de dokumintêres sintraal steane.

De earste ôflevering giet oer de Molkstaking fan 1943. De wrede ûnderdrukking fan de massale staking troch de Dútsers soarge foar in omkear yn de Fryske oarlochsjierren. Yn de tiid foar de Molkstaking wie der in reedlik ûntspannen ferhâlding tusken de Dútsers en de Friezen. Mar as de besetter by de Molkstaking 22 Friezen deasjit is dat oer. Yn de lêste twa oarlochsjierren is der sprake fan terreur en represje. As reaksje dêrop kriget it ferset yn Fryslân hieltyd mear stipe fan de befolking.

It earste diel fan ‘Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die’ is sneon om 15:30 oere en snein om 12:25 oere te sjen op NPO 2. En snein op Omrop Fryslân Televyzje nei Hjoed.

Of besjoch it programma no al hjirûnder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)