N381 trije dagen ticht fanwege wurksumheden

10 apr 2015 - 13:25

De N381 giet fan freedtejûn 17 april oant moandeitemoarn 20 april ticht tusken Easterwâlde en de Drintske grins. It ferkear wurdt dan omlaat by Easterwâlde en by Beilen en Smilde.

Yn it wykein wurde 20 dûkers, ekopassaazjes en faunatunnels oanlein. Dêrneist wurdt de fytstunnel by Kraaiheidepollen yn Appelskea oanlein. De dyk is derom op ferskate plakken iepenbrutsen.

Trefwurden: 
Easterwâlde N381 ôfsletten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)