Ofspraken makke oer oanlis nije dyk Damwâld en De Falom

10 apr 2015 - 12:28

De provinsje en de gemeente Dantumadiel hawwe freedtemoarn de ôfspraken oer de werynrjochting fan de provinsjale dyk by Damwâld en De Falom fêstlein. Yn de troch deputearre Johannes Kramer en wethâlder Roelof Bos tekene oerienkomst stean ôfspraken oer de gearwurking en de finansiering fan it projekt.

De werynrjochting fan de dyk wurdt dien yn oerlis mei omwenners en ûndernimmers. It projekt is ûnderdiel fan de oanlis fan de Sintrale As. It wurk oan dit stik dyk begjint healwei 2016.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)