Nije wenwyk Loevestein op De Gordyk wurdt lytser as pland

Gemeente Opsterlân © Omrop Fryslân
De kavels yn it nijbouplan Loevestein 4 op De Gordyk wurde goedkeaper en de wenwyk wurdt lytser fan opset. De gemeente Opsterlân hat it plan bysteld om't der te min belangstelling foar de nijbou wie. Yn de eardere plannen gong Opsterlân noch út fan befolkingsgroei, mar dy rint achter by de ferwachtings.
Troch no allinnich it westlike part fan Loevestein 4 fierder te ûntwikkeljen wurde ek de kosten foar de gemeente leger. De gemeente begjint meikoarten mei de bou fan de brede skoalle. Dizze is nei alle gedachten yn de simmer fan 2016 klear.
Yn de oarspronklike plannen soe Loevestein 4 165 nije wenningen telle, dat wurde der no noch mar 60. It gebiet dat ûntwikkele wurdt, is ek ientredde fan de oarspronklike omfang: 4,3 bunder yn stee fan 12,3 bunder.