Dief mishannelet winkelmeiwurker op It Hearrenfean

10 apr 2015 - 10:35

In 39-jierrige man fan It Hearrenfean is tongersdeitejûn oanhâlden foar stellerij mei geweld. De man waard yn in winkel oan De Jister trappearre doe't hy itensguod stelle woe. Hy naaide út, mar waard bûten oanhâlden troch in winkelmeiwurker.

De man fersette him, sloech de meiwurker en naaide op 'e nij út. Plysjeminsken seagen de man rinnen en hâlden him oan. Der is proses-ferbaal tsjin de man opmakke. It slachtoffer hat oanjefte dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)