Fiif winkeldieven betrape yn Ljouwert

© Aise van Beets
De plysje yn Ljouwert hat tongersdei ferskate winkeldieven oanhâlden. Befeiligers trappearren twa froulju fan 19 en 24 jier dy't klean stellen hiene. Se krigen beiden in boete fan 200 euro. In frou fan 48 jier waard betrape op it stellen fan boadskippen yn in winkel oan de Tynjedyk.
Oan de Nijstêd waard in frou oanhâlden foar it stellen fan in fleske neillak. Se krige in boete fan 200 euro. In 45-jierrige Harnzer waard yn in winkel oan it Hoeksterpaad oppakt foar it stellen fan boerekoal en Fryske sûkerlatte.