Bouwer JSF hat problemen mei de software

09 apr 2015 - 23:09

It sil langer duorje foardat de earste JSF-fleantugen operasjoneel binne. Bouwer Lockheed Martin hat op 'e nij fertraging oprûn mei de ûntwikkeling fan de belangrike software dy't nedich is foar it gefjochtsfleantúch. De testfaze fan de software wurdt no ferlingd. Dizze faze hie moannen lyn al klear wêze moatten. Nei alle gedachten binne de problemen mei de software pas nei de simmer hielendal oplost. Nederlân hat koartlyn acht JSF-fleantugen oanskaft, dy't fan 2019 ôf fleane moatte. Yn totaal wol it regear 37 fan dizze tastellen keapje.

Trefwurden: 
JSF software fleantúch
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)