Utstel fan betelling foar Miss Etam en Promiss

Logo Miss Etam © ANP
De lanlike moadewinkelketens Miss Etam en Promiss hawwe útstel fan betelling oanfrege. Miss Etam en Promiss hawwe yn Fryslân festigings yn Ljouwert, Snits, It Hearrenfean en Drachten. De winkels draaie al in tal jierren mei ferlies. Der waard ek al twa kear reorganiseare. Mei-inoar ferlearen de ôfrûne twa jier al sa'n 250 meiwurkers harren baan. It bedriuw telde begjin dit jier noch sa'n 2000 wurknimmers.
Ien fan de oarsaken wêrom't it net goed giet mei Miss Etam en Promiss is de tanimmende kleanferkeap op ynternet.