Tunnel ûnder spoar Wolvegea wurdt dit wykein pleatst

09 apr 2015 - 15:32

Yn Wolvegea wurdt it kommende wykein de tunnelbuis ûnder it spoar oan de Om den Noort te plak riden. De spoaroergong is dêrom fan freed seis oere oant tiisdeitemoarn ticht foar it ferkear. Sneontemoarn tilt in kraan it spoar derút en de jûns wurdt dan begûn mei it ynriden fan de tunnelbuis. Dy waget 1200 ton.

Foar minsken dy't it allegearre fan tichtby folgje wolle, wurdt spesjaal in tribune boud.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)