Minister Van der Steur: Plysje tenei net langer ûnderweis

Van der Steur sjocht 'foarútgong' as it om de oanrydtiden fan de plysje giet © ANP
De sluting fan sa'n 200 plysjeburo's sil der net ta liede dat de plysje langer ûnderweis is. Dat sei minister Ard van der Steur fan justysje tongersdei yn de Twadde Keamer. Dy makket him soargen dat troch de sluting fan de buro's de 15 minuten oanrydtiid net langer helle wurdt. Dy noarm bliuwt oerein, sa seit Van der Steur.
Nije techniken as bettere ynformaasjesystemen moatte hjirfoar soargje. Ek yn Fryslân giet in oantal buro's ticht, lykas yn Koudum.
Dêr is opskuor oer ûntstien omdat ynwenners benaud binne foar folle langere oanrydtiden.