Ravaazje yn Snits troch frou dy't net goed wurdt

09 apr 2015 - 13:58

Oan de 1e Easterkade yn Snits is tongersdei in frou ferwûne rekke neidat se mei har auto op fjouwer stilsteande auto's botste en ek it sierhekwurk fan twa tunen omfier ried. De plysje hat de dyk ôfsletten en docht ûndersyk nei de krekte oarsaak fan it ûngelok. Njonken de frou sels rekken gjin oare minsken ferwûne.

Trije auto's rekken sa swier skansearre dat se fuortsleept wurde moasten. De fjirde auto kin noch wol brûkt wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)