Smartphone-kuier oer de oarloch troch Ljouwert

09 apr 2015 - 12:54

Learlingen fan groepen 7 en 8 fan basisskoallen yn Ljouwert kinne mei harren gsm lâns spoaren út de Twadde Wrâldoarloch kuierje. It Histoarysk Sintrum Ljouwert hat in saneamde smartphone-kuier ûntwikkele. Der binne fiif tema's útset oer Befrijing, Besetting, Joadeferfolging, NSB en Ferset. De reade tried yn de smartphonekuier is in unyk oarlochsdeiboek fan Adri Meindersma. Dy wie 12 jier doe't de oarloch begûn.

Dielen fan it deiboek binne ynsprutsen en fia de telefoan te hearren. De kuier is ûnderdiel fan it ûnderwiisprogramma 1945-2015.

Trefwurden: 
HCL oarloch smartphonekuier
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)