Tûzenen minsken mei in beheining oan it wurk

It Regionaal Wurkbedriuw Fryslân Werkt! wol de kommende jierren 3000 minsken mei in beheining oan in baan helpe. It is in inisjatyf fan de Fryske gemeenten, it UWV, wurknimmers- en wurkjouwersorganisaasjes. De gearwurking is it gefolch fan de partisipaasjewet. Dêrtroch komme minsken mei in hendikep net gau mear oan it wurk by in sosjale wurkfoarsjenning.
It Fryske wurkbedriuw is de earste fan de 35 dy't der komme moatte. By de iepening woansdei sei steatssiktaris Jetta Klijnsma fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid grutsk te wêzen. Neffens har hawwe Friezen in grut mienskipsgefoel wêrtroch gearwurkjen foar harren hiel gewoan is.