'Vrouwen van Nu' sette ROC-studinten oan it breidzjen

De Vrouwen van Nu - foarhinne bekend as de plattelânsfroulju - sette op it Friesland College studinten wer oan it breidzjen. It giet om in projekt fan it Fries Museum. Dêr fine se dat bern wer witte moatte wat breidzjen is. Dat is no faak net it gefal. T-shirts, sokken, ûnderbroeken, it kin allegearre breide wurde. De studinten dy't dat leare, moatte dat letter dit jier wer oerbringe op basisskoallen. Sa wurdt it breidzjen trochjûn.
Wat dan allegearre breide wurdt komt letter as eksposyje yn it Fries Museum te hingjen.