Mooiland sil lege wenblokken Beetstersweach slope

08 apr 2015 - 12:41

De wenblokken oan de Fockema Andreaeleane yn Beetstersweach wurde lang om let sloopt. Dat is woansdei bekend makke troch wenningboukorporaasje Mooiland. Dy tekene yn 2011 in oerienkomst mei de gemeente Opsterlân. Doe waard ôfpraat dat de âlde wenten sloopt wurde soenen. Doel wie om op dat plak 73 nije wenten te bouwen.

It plan soe yn twa fazen útfierd wurde. De earste faze wie yn 2012 klear, mar dêrnei barde neat mear. De bewenners klagen by de gemeente oer lege fertutearze wenten en dy skreau ôfrûne wike in brief oan Mooiland.

Alle aksje hat fertuten dien. Der wurdt ynkoarten sloopt, mar oer de nijbouplannen moatte Mooiland en de gemeente noch oerlizze.

Trefwurden: 
nijbou sloop Mooiland
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)