PvdA-Fryslân skrikt fan plak yn opposysje

08 apr 2015 - 12:13

De PvdA wol witte wat der goed en fout gien is by ferkiezings en kolleezje-ûnderhannelings om hjir fan te learen. Op 22 april moat der op de jierfergadering fan it Gewest Fryslân opheldering komme. De PvdA ferlear fjouwer sitten en komt foar it earst yn 70 jier net werom yn it kolleezje. Foarsitter Henk Korthof fan PvdA Fryslân fynt dat benammen it CDA wol 'hiel maklik' ôfskied nommen hat fan de PvdA.

Der binne ek partijpromininten dy't har ôffreegje oft de PvdA wol tûk ûnderhannele hat. "Se hawwe de slach mist", seit ien fan harren.

It gefoel yn de partij is dat de PvdA ek as twadde partij fan Fryslân best meidwaan kinnen hie oan in nij kolleezje fan deputearre steaten. De PvdA is der wol fan oertsjûge dat de partij yn de takomst op in hiel oare wize kampanjefiere moat en ek kontakt hâlde moat mei de boargers yn Fryslân.

Yntusken binne CDA, VVD, SP en FNP úteinset mei de formaasje fan it nije kolleezje fan deputearre steaten ûnder lieding fan formateur Geart Benedictus. Dy petearen binne achter sletten doarren. Kommende freedtemiddei sille CDA-listlûker Sander de Rouwe en formateur Benedictus parse en publyk byprate oer de stân fan saken.

Trefwurden: 
PvdA opposysje Henk Korthof
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)