Wageningen warskôget: útbraak hazzepest yn Fryslân

08 apr 2015 - 11:33

Neidat yn maart al hazzepest konstatearre wie by deade hazzen by Akkrum, binne der no ek sinjalen dat hazzen yn Súd-Fryslân de sykte ha. Yn de omjouwing fan Eastergea binne in protte deade hazzen fûn. It ûndersyksinstitút fan de Universiteit fan Wageningen praat dêrom fan in útbraak fan de hazzepest yn Fryslân.

De sykte, dy't oars allinne yn East-Europa foarkomt, is besmetlik foar minsken en bisten. De gemeente De Fryske Marren warskôget hûnebesitters de hûn net út te litten by de Lemster Polder by Eastergea, dêr't de sykte konstateare is.

Oft de mûzenpleach wat te krijen hat mei de hazzepest wurdt no ûndersocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)