Wetterskip pakt probleem mei wetterôffier yn Ferwert oan

Underwetterdrone (argyffoto)
Wetterskip Fryslân leit nije drainaazje oan by de Griene Dyk yn Ferwert. De wetterôffier rint dêr net goed, wêrtroch bermen en diken ûnderstrûpe by in soad rein. Dat kin gefaarlike situaasjes opsmite foar it ferkear.
Ferline jier is it wetterskip al úteinset mei it opknappen fan it stik dyk tusken de Aebingaloane en de Mouneloane. Dit is yn maaie klear. Yn juny wurdt dan úteinset mei it stik dyk tusken de Mouneloane en de Westerhúsloane. Dat wurk moat foar 1 oktober, de start fan it stoarmseizoen, klear wêze.