Harnzer (36) oppakt foar ynbraak

Ynbraak © Omrop Fryslân
De plysje hat tiisdei in 36-jierrige man út Harns oanhâlden foar in wenningynbraak yn syn wenplak yn jannewaris fan dit jier. In ynwenner fan Harns tipte de plysje dat de fertochte him in spulkompjûter oanbean, dy't oerien kaam mei wat der by de ynbraak fuortnaam wie.
Neffens de plysje wiene dizze melding en de tsjûgeferklearrings nei de ynbraak genôch bewiis foar in arrestaasje.