Kij dea en boer net goed troch giftich gas yn Loaiïngea

08 apr 2015 - 10:12

Op in pleats oan de Pasfeardyk yn Loaiïngea is woansdeitemoarn in boer net goed wurden en binne trije kij deagong. By it mjuksjen is in giftige stof frijkaam. De boer hie fuort troch dat der wat mis wie doe't er de trije kij troch de knibbels gean seach. Hy woe earst noch besykje de kij te rêden, mar is dochs de stâl útgong.

De boer is op it hiem troch ambulânsepersoniel ûndersocht, mar hoegde net nei it sikehûs. Hy hat wol soerstof krigen. De útrukte brânwacht hat mjittings dien, mar hat gjin giftige stof mear fûn.

Yn de stâl stienen yn totaal 90 stiks jongfee.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)