Tsjûgen socht fan brânstichting yn Aldwâld

08 apr 2015 - 09:46

De plysje siket tsjûgen fan brânstichting yn in wenning oan de Lange Ikker yn Aldwâld. Dêr waard hast twa wike lyn in blompot troch in rút smiten. Dêrnei waard der brân stichte. De bewenner koe it fjoer sels útkrije.

Op sosjale media hat de famylje fuort nei de brânstichting in oprop dien oan tsjûgen om harren te melden. De plysje slút him dêr no by oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)