Friese Poort rikt prizen út oan talintfolle studinten

08 apr 2015 - 08:41

De Friese Poort rikt woansdeitejûn saneamde 'Stars' út. Talintfolle studinten, bedriuwen en dosinten fan de Friese Poort kinne prizen winne. De winners wurde keazen troch in sjuery. Dêrneist koe de ôfrûne tiid ek stimd wurde op de nominearden.

De priisútrikking is yn Ljouwert, op de Friese Poort. De jûn wurdt presinteard troch sjonger Tim Douwsma út Wynjewâld.

Ien fan de kânshawwers yn 'e kategory beste staazjebedriuw is Kweekvijer Noord yn Ljouwert. De studinten fan de Friese Poort kinne dêr in soad ferskillende staazjes rinne. Der binne ek prizen foar studinten. Sa is 'Charity Candle' nominearre, in mini-ûndernimming fan seis studinten út Dokkum. Se ferkeapje kearsen mei dêrop it stêdswapen fan Dokkum. Ferline wike binne se nei Riga yn Letlân west. Dêr einigen se by de beste trije projekten. Yn totaal diene dêr 59 mini-ûndernimmingen oan mei út ferskillende lannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)