"Noch mear taken fan it ryk yn de takomst nei gemeenten"

07 apr 2015 - 23:25

De kâns it grut dat gemeenten oant 2020 noch mear taken fan it ryk oernimme moatte. It foarmet in grutte útdaging om dêr in goeie ynfolling oan te jaan. Dat seit Sjoerd Tolsma, wethâlder fan Súdwest-Fryslân en lid fan de kommisje foar soarch en wolwêzen by de Nederlandse Vereniging van Gemeenten, de VNG.

Tolsma wie tiisdeitejûn dielnimmer op de ledefergadering fan de Feriening fan Fryske Gemeenten yn Snits. Tema wie de rol fan gemeenten yn 2020. Neffens Tolsma moatte gemeenten goed gearwurkje om de útdagings oan te gean.

It Ryk mei neffens Tolsma net samar taken oer it sket smite. Dat liket nergens op en moat foarkaam wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)