Yn july beslút oer fergunning foar gaswinning op Skylge

07 apr 2015 - 22:29

Minister Kamp nimt yn july in beslút oer in fergunning foar de winning fan gas op Skylge troch Tulip Oil. Hy seit dat yn antwurd op fragen dy't steld binne yn de Twadde Keamer, troch ûnder oaren troch Lutz Jacobi fan de PvdA. Kamp leit út dat dat noch net fuortdaliks betsjut dat der ek echt nei gas boarre wurde sil.

De minister sil foar it ôfjaan fan de fergunning benammen sjen of it ekonomysk wol helber is om it gas út de grûn te heljen. Hy freget hjirfoar advys oan ûnder oaren TNO, de 'mijnraad' en Deputearre Steaten fan Fryslân.

As de fergunning ôfjûn wurdt, folget noch in miljeu-proseduere. Minister Kamp seit mei klam dat de provinsje Fryslân en de gemeente Skylge by it proses belutsen wurde sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)