Nij regionaal wurkbedriuw moat minsken oan in baan helpe

07 apr 2015 - 20:14

Fryske gemeenten, wurkjouwers- en wurknimmersorganisaasjes en it UWV sille gearwurkje om mear minsken oan in baan te helpen. Dêrfoar wurdt it Regionaal Werkbedrijf Fryslân Werkt! oprjochte. Woansdei wurdt dêrfoar in oerienkomst ûndertekene. Steatssekretaris Jetta Klijnsma fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid is dêrby oanwêzich.

Troch de gearwurking fan de ferskate partijen moat it makliker wurde om minsken wer op de arbeidsmerk te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)