Geart Benedictus ek beneamd ta formateur

07 apr 2015 - 20:07

Geart Benedictus sil as formateur oan de slach om ta in koälysje te kommen mei CDA, VVD, SP en FNP. Dit moat in koälysjeakkoart opsmite dat troch it nije kolleezje fan Deputearre Steaten útfierd wurde kin. Earder wie de 62-jierrige CDA-er ek al ynformateur. Hy advisearre om in koälysje fan de fjouwer earder neamde partijen te ûndersykjen.

CDA-listlûker Sander de Rouwe makke de oanstelling fan Benedictus tiisdeitejûn bekend nei in debat yn Provinsjale Steaten oer de ynformaasjeronde.

De formaasje fan it nije kolleezje begjint woansdei. Elke freedtemiddei sille De Rouwe en Benedictus ferslach dwaan fan de petearen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)