MCL Ljouwert erkend as Noardlik MS-behannelsintrum

Sikehûs MCL yn Ljouwert is erkend as Noardlik MS-behannelsintrum. De erkenning is ferliend troch it Nasjonaal MS-fûns. It sikehûs yn Ljouwert is it ienige sikehûs yn de noardlike provinsjes mei dizze erkenning. De titel is ûnder oaren te tankjen oan it wittenskipplik ûndersyk dat yn Ljouwert dien wurdt nei multipel skleroaze, in oandwaning fan it sintrale senuwstelsel.
De neurologen fan it sikehûs binne bliid mei de erkenning. Op 23 juny sil in sympoasium hâlden wurde oer MS, om de erkenning te fieren.