Hans Konst: "Gau beslute oer wynmûnepark Iselmar'

07 apr 2015 - 18:44

De provinsje Fryslân moat sa gau as mooglik oan de inisjatyfnimmers witte litte dat se partisipearje wol yn it nij te bouwen wynpark yn de Iselmar. Op dy wize kinne de provinsje en har ynwenners it bêste meiprofitearje fan eventuele opbringsten fan dat park. Dat advys jout deputearre Hans Konst oan de Fryske steaten nei oanlieding fan it beslút fan minister Henk Kamp om in wynmûnepark fan sa'n 316 megawatt yn de Iselmar te pleatsen.

DS is teloarsteld dat de minister gjin ûndersyk dwaan wol nei de pleatsing fan mûnen op de Ofslútdyk.

Konst tinkt dat eventueel protest tsjin it beslút fan de minister bygelyks fanút de gemeente Súdwest-Fryslân, net folle kâns mear makket. Takom wike tongersdei praat de Twadde Keamer oer de fuortgong fan it nasjonaal enerzjy akkoart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)