Friezen krije yn Noard-Hollân Carnegie medalje

07 apr 2015 - 18:08

Durk Boonstra út Wytgaard en Ype Tiekstra út Sumar ha tiisdeitemiddei de sulveren medalje fan it Carnegie Heldefûns krigen. De mannen ha yn oktober 2013 in bestjoerder út in brânende auto helle op de Ofslútdyk. Dat gebeurde oan de Noard-Hollânske kant.

De man wie fan achteren oanriden troch in frachtwein wylst er yn de file stie. Troch de botsing fleach de auto yn 'e brân. Mei gefaar foar eigen libben koene Boonstra en Tiekstra de man út de auto rêde. Koart dêrnei wie der in ûntploffing en in grutte stekflam.

Boargemaster Nawijn fan de gemeente Hollands Kroon rikte de medaljes út.

Trefwurden: 
medalje helden Carnegie
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)