Provinsjale Steaten prate oer nij kolleezje
De Provinsjale Steaten fan Fryslân beprate tiisdeitejûn it advys en it einferslach fan ynformateur Geart Benedictus. Dy advisearret om in nij kolleezje te foarmjen mei CDA, VVD, SP en FNP.
De gearkomste yn de steateseal begjint om 18:30 oere en is live te folgjen op Omroplive. Of folgje ferslachjouwer Andries Bakker dy't ferslach docht op Twitter.