NHL krijt lektoraat 'duorsume skoalûntwikkeling'

07 apr 2015 - 13:56

Hegeskoalle NHL yn Ljouwert hat in nije ôfstudearrjochting en in nij lektoraat: duorsume skoalûntwikkeling. Studinten pedagogyk dy't dizze rjochting kieze, hâlde har dwaande mei ûndersyk nei hoe't skoallen regels fan de oerheid yn de praktyk bringe.

De ûndersiken dy't de studinten dogge, sille foar it lektoraat brûkt wurde. Fan septimber ôf kinne studinten oan de NHL dizze ôfstudearrjochting kieze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)