Thuiszorg Dichtbij komt mei 'karavansoarch' yn Fryslân

Thuiszorg Dichtbij wreidet de saneamde karavansoarch út nei Fryslân. De karavansoarch hâldt yn dat de helpferliener in karavan brûkt as mobile ferpleechpost en sa flakby de pasjint 'wenje' kin. Op dizze wize is it foar terminale pasjinten mooglik om thús te bliuwen, ek as de soarchferliener net by harren yn hûs ferbliuwe kin.
It is benammen foar minsken dy't hiel lyts wenje of bot op privacy steld binne. Mei in belsysteem kin de pasjint de ferpleger dei en nacht oproppe. Yn Grinslân en Drinte bestiet karavansoarch al langer.