Dûmny en ûndernimmer Jan Hofstra ûnferwachts ferstoarn
Dûmny Jan Hofstra út Drachten is dit wykein ûnferwachts ferstoarn. Hofstra wie njonken predikant yn ûnder oare de protestantse gemeente Trynwâlden ek direkteur fan it Karmelkleaster yn Drachten. Dat liede er tegearre mei syn frou.
Dêrneist hie Hofstra noch in bedriuw dat oldtimerbussen ferhiert. Jan Hofstra is 69 jier wurden.