Van der Steur: Fryske plysje wolris te lang ûnderweis

Van der Steur sjocht 'foarútgong' as it om de oanrydtiden fan de plysje giet © ANP
Minister Ard van der Steur fan feiligens en justysje befestiget dat de plysje yn Fryslân noch hieltyd net de noarm hellet as it giet om oanrydtiden. It giet neffens de minister wol de goeie kant op. Ferline jier wie de plysje yn 80 % fan de gefallen op tiid, wylst dat yn 2012 noch mar yn de helte fan de gefallen wie.
Wol bliuwe de Waadeilannen achter by de fêste wâl. Neffens Van der Steur docht de plysje har bêst om de sifers te ferbetterjen. Dat wurdt dien troch surveillânse mei ien plysje en de ynset fan motoraginten.
Van der Steur is net benaud dat sluting fan plysjeburo's de sitewaasje slimmer meitsje sil. Van der Steur skriuwt dit yn in brief oan de Twadde Keamer yn antwurd op keamerfragen fan it Fryske keamerlid Lutz Jacobi (PvdA).