Njoggen autoriders rydbewiis kwyt by kontrôle It Hearrenfean

07 apr 2015 - 10:03

Njoggen automobilisten moasten dit wykein harren rydbewiis ynleverje, omdat se te hurd rieden. De bestjoerders waarden betrape by kontrôles op it klaverblêd by It Hearrenfean. Dêr jildt in maksimum snelheid fan 100 kilometer yn de oere, mar de automobilisten dy't oan de kant setten waarden, rieden folle hurder. Se sieten allegear boppe de 150 kilometer yn de oere. De heechst mjitten snelheid wie 174 kilometer yn de oere.

De plysje hâldt de kommende tiid noch mear kontrôles op it klaverblêd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)