Martijn Dijkstra en Anouska Koster winne Oerterp

07 apr 2015 - 08:58

Martijn Dijkstra fan De Knipe en Anouska Koster fan De Westereen waarden peaskemoandei de winners fan it kritearium fan Oerterp. By de elite- en beloftehurdfytsers moast Dijkstra yn de sprint ôfrekkenje mei syn trainingsmaat Stef Krul fan Tsjalbert. Dat slagge mei in pear sintimeters. Melvin Boskamp waard de tredde man.

By de froulju wie Anouska Koster de rapste fan in kopgroepke fan fiif. Doe't Koster as earste de lêste bocht nimme koe wie de winst binnen. Janneke Ensing út Gieten waard twadde, Drachtster Leonie Lubbinge tredde.

Trefwurden: 
hurdfytsen Oerterp kritearium
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)