Sportsnuffelmoanne yn Top en Twel

07 apr 2015 - 08:15

Yn Top en Twel begjint tiisdei in sportsnuffelmoanne mei de slogan 'zit niet stil in april, kies de sport die je wil!'. De sportferienings yn Top en Twel en de buertsportcoach hawwe de hannen yn elkoar slein om dizze sportsnuffelmoanne organisearje te kinnen.

Oant en mei freed 24 april kinne minsken fergees yn de kunde komme mei in grut ferskaat oan sporten, lykas badminton, follybal, tennis, fuotbal en kolvjen. Ferslachjouwer Eduard Rekker wie yn Toppenhuzen om út te finen wat kolvjen is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)