Aris kin wer net fan Den Bosch winne

06 apr 2015 - 18:28

De basketballers fan Aris ha peaskemoandei de thúswedstriid tsjin Den Bosch mei 89-75 ferlern. It ferskil yn de earste helte tusken beide ploegen wie net al te grut. Krekt foar it skoft dielde Den Bosch in tikje út mei in 9-0 run. Yn it twadde beriuw koe de ploech fan Tom Simpson de averij net mear goed meitsje. Marquise Simmons en Miles Jackson-Cartwright wiene mei 14 punten de tûkste Ljouwerters.

Trefwurden: 
Aris basketbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)