Europa Kinderhulp siket tsientallen fakânsjegesinnen

06 apr 2015 - 10:54

De ôfdieling Fryslân fan Europa Kinderhulp hat te min húshâldings dy't tydlik bern yn 'e hûs nimme wolle. Europa Kinderhulp soarget derfoar dat tsientallen kwestbere bern út Dútslân, Frankryk, België en Nederlân alle jierren twa wike mei fakânsje kinne. Dêrfoar binne gastgesinnen nedich. De organisaasje hat noch in tekoart fan tsientallen sokke fakânsjehúshâldings yn Fryslân.

Trefwurden: 
Europa Kinderhulp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)