Bestjoerster scooter ûnderút yn tunnel Ljouwert

De bestjoerster fan in scooter is sneintejûn ferwûne rekke by in ûngelok yn de Swettetunnel yn Ljouwert. Se ried oer it fytspaad en kaam te fallen. De bestjoerster foel oer de reling en kaam in stik leger op de dyk telâne.
It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûningen nei it sikehûs brocht. De plysje fûn stikken pún op it fytspaad en ûndersiket of dat mooglik de oarsaak fan it ûngelok west hat.