Tûzenen sjoggers by peaskefjoeren yn Fryslân

05 apr 2015 - 23:53

Tûzenen minsken binne sneintejûn ôfkommen op de peaskefjoeren yn ferskate doarpen yn Fryslân. Foaral yn East- en Weststellingwerf gie de brân yn in soad bulten. It oanstekken fan in peaskefjoer is fan oarsprong in heidensk ritueel. It is bedoeld om de demoanen te ferjeien.

Dit jier hawwe foaral de gemeenten yn it suden fan de provinsje fergunnings ôfjûn foar de peaskebulten. Gemeente De Fryske Marren hat kritysk west by it jaan fan fergunnings. Tefolle peaskefjoeren soe skealik wêze foar de folkssûnens.

Trefwurden: 
Peaskefjoer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)