Cambuur wint troch lette goal Steblecki fan Go Ahead Eagles

SC Cambuur kaam tsjin Go Ahead Eagles mei de hakken oer de sleat troch de goal fan ynfaller Sebastian Steblecki yn de 83e minút. Dy 1-0 winst wie dik fertsjinne omdat de tsjinstanner út Deventer net meifuotbalje woe. Cambuur hie geduld, spile de measte tiid op de helte fan Go Ahead en dat waard beleanne. De Ljouwerters hiene folle earder op foarsprong komme kinnen, mar Mikhail Rosheuvel koe healwei de earste helte in moaie oanfal net fersulverje. Cambuur stiet no op it achtste plak mei 39 punten, like folle as ferline jier.