Sineesk Taipei kin krekt net stunte op WK kuorbal ûnder 19

05 apr 2015 - 13:17

Op it offisjeuze WK kuorbal foar spilers ûnder 19 jier is Sineesk Taipei der krekt net yn slagge om foar in stunt te soargjen. De Aziaten waarden troch ynsiders tipt foar de finale, mar yn de heale finale tsjin België ferlearen se mei 16-14. Sadwaande krijt de 20e edysje fan dit WK dochs wer de tradisjonele twastriid tusken Oranje en België. Oranje U19, mei Marloes Frieswijk fan Wolvegea, wûn yn de oare heale finale mei 19-3 fan Hongarije.

De finale tusken Nederlân en België wurdt snein om 16.45 oere spile yn it Kealledykje yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Ljouwert kuorbal WK U19
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)