Paus Franciscus bidt om frede yn de wrâld

Paus Franciscus © ANP
Paus Franciscus hat op it Sint-Pietersplein yn Fatikaanstêd wer de jierlikse seine 'urbi et orbi' op Peaskesnein útsprutsen. Hy stie yn syn taspraak stil by gewelddiedige konflikten yn Syrië, Irak, Libië en Nigeria en frege om frede.
Lykas altyd betanke er Nederlân foar de moaie blommen dy't brûkt binne by de Peaskefiering yn Rome. Ta beslút winske er de hiele wrâld sillige Peaskedagen en in lekker peaskemiel.